Ingelsk

Ingelsk
algemien
eigen namme English
lânseigen yn Feriene Keninkryk:
   ● Ingelân (fan oarsprong)
tal sprekkers 400 miljoen (2016)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Angelsaksysk
          ● Ingelsk
dialekten sjoch by 'Dialekten'
taalstatus
offisjele status ● 64 lannen
● 32 ôfhinklike territoaria
● grut tal organisaasjes
sjoch fierder by 'Taalstatus'
taalkoades
ISO 639-1 en
ISO 639-2 eng
ISO 639-3 eng

It Ingelsk (Ingelsk: English) is in Westgermaanske taal, dy't him ûntjoech yn it Midsiuwske Ingelân, mar tsjintwurdich ta in wrâldwide lingua franca wurden is. It Ingelsk ûntstie út 'e taal fan 'e Angelsaksen, in befolkingsgroep dy't oarspronklik fan 'e Noardseekust op it Jeropeeske fêstelân ôfkomstich wie. De Angelsaksyske taalgroep, dêr't it Ingelsk ta heart, is sadwaande it naust besibbe oan 'e Fryske talen, dy't noch altyd yn dat gebiet sprutsen wurde, mar de wurdskat fan it Ingelsk is sterk beynfloede troch it Aldnoarsk en troch Romaanske talen, yn 't bysûnder it Frânsk. It Ingelsk is no de of in offisjele taal yn 64 ûnôfhinklike lannen en 31 ôfhinklike territoaria, mar wurdt it measte sprutsen yn it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Súd-Afrika, Ierlân, Nij-Seelân en it Karibysk Gebiet. Mei sa'n 400 miljoen memmetaalsprekkers wie it yn 2006 de op twa nei grutste taal fan 'e wrâld (nei it Mandarynsk en it Spaansk).


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search